Verslag toerrit 27 mei
Geschreven op 2018-05-29 06:53:25

Waarme Kanalerit

Op dizze prachtige simmerske dei, 27 maaie 2018, riden wy ris net yn it spoar fan Eize, mar achter Jetse oan. Dy hie in rit op syn tomtom útsocht, it bêst te omskiuwen as in Drintse Kanaletocht. Dat betsjut net by eltse krúsing de bocht om, mar flink trochride, wêrtroch der eintsjebeslút leafst 250 kilometer op de teller stûn.Wy wiene mei njoggen motors, mei twa froulike byriders. Spitich genôch ditkear net mei ús betûfte ferslachjowster, sadat dit stikje net fan de gebrûklike kwaliteit is. Nei dagenlang stinnen (syn bonkerakje moat oppenij ûnder it mes) kaam der yniens ek Piet de Vries oankacheljen, wat fansels altiid sfeerferheegjend is. Syn wrakke heup makket him foarsichtich, sadat hy net te tichtby de oare motors kaam, wat ús feilichheitsgefoel te goede komt. Oer de hiele dei flein hy mar ien kear rjochtút, wêr’t de oaren de ôfslach namen. Mei wat gewrot en geprottel waard dat hersteld. Fierder koe hy him goed rêdde; hy klimt –sûnder kruk!- mei in soarte fan Fosbury-flop op syn Harley.De rit gie troch De Knipe, Âldhoarne, lâns Prikkedaam: soe dat opset wêze? It wie drok op Prikkedaam en miskyn hie Jetse wol in rûntsje op dizze sânbaan ôfpraat. Maar né, gelokkich net. Fierder nei Elsloo, op Appelskea oan. Der passeerden wy de ‘Boscamping’, foarhinne ‘Ús Blau Hiem’, wêr’t wy as Knypster skoalbern mei master Van Veen skoalreiskes hâlden. Dat ‘Blau’ is der wol fanôf: der hinget no in ‘Veltins’-board oan de dyk.Kofjeskoft yn Appelskea, núver genôch brocht de ober mar de helte fan de bestelde appeltaartsjes, wêrby opfoel dat Eize syn slanke-lijn-kampagne wol serieus nimt want hy klage der net oer.Op Smilde oan, en doe lâns Oranje, wêr’t spitich genôch Speelstad alwer in skoft leech stiet. Ek it asylfolk is fuort, sadat it dêr no in deade boel is. Strak by it wetter del (op dizze gleonwaarme dei wolkom) troch Hijken, lâns Orvelte, wêr’t hjoed in protte folk ferwachte wurde, sa like it: lange linten lâns de berms om auto’s nei betelle parkeerplakken te stjoeren. Strak bûten Emmen del (oer in jier Champions League) op Amsterdamseveld oan, en dan nei Weiteveen, wêr’t jo kilometers lang lâns it lêste heechfean fan Nederlân ride. Wol moai is dat, want wy komme sels ek fan foarhinne heechfean.Jetse syn skermke stjoerde ús doe Dútslân yn, mei fansels as doel in dikke schnitsel. Dêr wiene wy wol oan ta. Mar, dat die ferline jier hjir ek al bliken: de horeka yn dit part fan ús Easterbuorren leit sneins op ien ear achter rollûken, sadat wy werom moasten, nei de sânrêch wêrop Schoonebeek leit. Njonken in âlde ja-knikker (mei in elektromoter deroan!) –foto- ha wy in hapke iten. Piet koe sadwaande noch moai syn motor wer yn de fersekerings smite troch Akke Meijer dêroer te beljen. Mar hawar: Akkie wurket net mear by de fersekering.Yn de hitte wêr op it westen ta; oer it Stieltjeskanaal, wêr’t de altiid iepensteande brêge herinnert oan de âld spoarbaan; de rails lizze noch op it brêgedek. Dan troch Dalen, Geesbrug, troch de bûtewyken fan Hoogeveen, dan Ruinen en it wolbikende Ansen, om yn Uffelte te sjen dat café Schenkel no dochs echt ticht is. Spitich dat Schenkel en syn frou fan dizze stokâlde herberch by it kanaal gjin opfolgers ha.Yn Havelte stoppen wy foar in ijsco en –it sil wol tafal wêze- foar de tredde kear hjoed hiene wy wat argewaasje mei it parkeren fan de motors. Yn Appelskea moasten wy fuort omdat immen fervje woe, yn Schoonebeek leinen de dyken om it itensplak der út, en yn Halvelte stûnen wy foar in dranksaak, dy’t ticht wie, mar wêrfan de eigner gjin motors foar de doar woe. Wat is no slimmer: drank of motorride?Jetse stjoerde ús troch it moaie Eesveen, wêr’t jonker Van Karnebeek noch altiid grutte besittings hat, oer syn berteplak De Hoeve op Âldeholtpea oan, en doe oer de Skoatter Tsjongerbrêge werom nei it Hearrenfean, wêr’t wy healwei seis oere op ús eigen hûs oan koene, foar in wolferstjinne kâlde klets. It wie in prachtige dei, en in prachtige rit. (Siebrand)

 


Archief
Verslag toerrit 9 september
Toertocht 29 juli
Verslag toertocht 22 juli
Toertocht 22 juli
Jubileumfeest 25 jaar MC Stuk
Jubileum avondrit 13 juli
Toertocht 8 juli
Opgave BBQ 14 juli
Toertocht 1 juli
Jubileumfeest 25 jaar MC Stuk
Verslag toertocht 17 juni
Toertocht 17 juni
Avondrit 9 juni
Verslag toerrit 03-06-2018
Toertocht 3 juni
Verslag toerrit 27 mei
Toertocht 27 mei
Avondrit
Toertocht 15 april
MC Stuk 25 jaar
Toerrit 15 oktober
Toerrit 24 september.
Verslag toertocht 27 augustus
Toertocht 27 augustus 2017
Verslag toertocht 20 augustus
toertocht 20 augustus
Verslag toerrit 13 augustus 2017
Toerrit 13 augustus
Verslag toertocht 6 augustus 2017
Toertocht 6 augustus
Toertocht 30 juli
Toertocht 16 juli
Toerrit 9 juli
Toertocht 25juni
Verslag toertocht 17 juni
Verslag toertocht 18 juni
Toertocht 18 juni
Avondrit 17 juni
Verslag toertocht 28 mei
Verslag toertocht 25 mei
Verslag toertocht 27 mei
Avondrit 28mei
Avondrit 27mei
Toertocht 25 mei
Verslag toertocht 21 mei
Toertocht 21 mei
Avondrit 13 mei 2017
Avondrit 13 mei
Ledenvergadering MC STUK
Stem op je favoriete club.
Motorrit 11 september
Toertocht 7 augustus
Toertocht 31 juli
Toertocht 24 juli
Toertocht 19 juni
Verslag toertocht Schotland
Toertocht 5 juni
Verslag toerrit 7 mei 2016
Toerrit 7 mei
Toerrit 5 mei
Ledenvergadering
Toerrit 3 april 2016
Kleding MC STUK
Verslag toerrit 27 september 2015
Verslag toerrit 20 september 2015
Toerrit 27 september
Toerrit 20 september
Verslag toerrit 30 augustus
Toertocht 30 augustus
Toerrit 23 augustus
Verslag toertocht 2 augustus.
Toertocht 9 augustus.
Toertocht 2 augustus
Verslag toerrit 26-07-2015
Toertocht 26 juli
Toerrit 5 juli
Verslag toerrit 24 mei
Toerrit 31-mei
Toertocht 24 mei
Agenda ledenvergadering MC Stuk 09-05-2015
Facebook MC Stuk link
Toertocht 14 september
Toertocht 24 augustus
Verslag toerrit 3 augustus
Toerrit 3 augustus
Verslag toerrit 13 juli 2014
Toertocht 13 juli
Toertocht 22 juni
Junirit
Avondrit
Elfstedentocht
Openingsrit MC Stuk,
Zaterdag 14 september 20 jarig jubileum
Vrijdag 13 september 20 jarig jubileum
Jubileumtocht zaterdag 14 september
MC STUK op Facebook
Annulerings najaarsrit
Verslag einde bouwvakrit 11-08-2013
Einde bouwvakrit
Bouwvakrit
Verslag Mooi weer tocht (De toer van Smilde)
MooiWeerTocht
Verslag sterke koffierit
Toertochtagenda
Ledenvergadering
Verslag toertocht 16 september 2012
Verslag verrassingstoertocht zondag 9 september
Verslag haringtocht
Verslag Ladies day
Verslag De gefrustreerde Harleyrijderstocht
Verslag Harleyloze Zondag Toertocht van 29-04-2012
Motormeiden van Fier
Verslag toertocht zondag 2 oktober
Verkeersborden
Verslag Alternatieve Elfstedentocht
Verslag Vogeltel Toertocht zaterdag 7 mei
Verslag 2e paasdag toertocht
Verslag drankpraat toertocht
Toertochtagenda